Tredde priis foar Ilse yn Berltsum
It wie yn it begjin nog wat ûnwennig, mar toch waard de partij ridlik fluch ferkeatst . Ilse cs, wûnen frij maklik mei 5-2 en 6-2. De twadde partij moasten hja tsjin it partoer fan Joukje Kuperus c.s. Ek in partoer út de 1e klasse. Dit partoer hie al hearder op de haadklasse keatst en is in geduchte tsjinstanner. Ilse en har maten kamen drekt in buordsje achter, mar setten dit ek al gau wer om yn in 2-1 foarsprong. Ilse sloech goed op en pleache it perk mei strakke platte ballen, tuskenynse en hege achteryn. It partoer fan Joukje en dy wiene hjir net tsjin opwoeksen en Ilse c.s . wûnen de partij mei 5-2 en 6-6 nei dat Anke Marije de lêste keats foarby sloech. Nei dizze party moast der keatst wurde tsjin Afke Hijlkema c.s. In partoer dat al jierren yn de top fan de haadklasse meidocht. Ilse en dy wiene wat skruten en ferlearen dizze party kansleas mei 5-0 en 6-2. It winnen fan twa omlopen bestjutte in tredde priis. Foar in 1e klas partoer in moaie oerwinning op de haadklasse. It is foar harren miskyn wol wer de oanrin foar in moai keatsjier.
Geplaatst op 20 May 2010